Pleit foar helm by reedriden

Shorttracker mei helm. Yn ´e takomst ek ferplichte foar langebaanriders?
By de KNSB moat gau in diskusje op gong komme oer it brûken fan in feilichheidshelm troch trainers en reedriders. Dat fynt foarsitter Jelle Wesselius fan it gewest Fryslân.
Tiisdei ferstoar trainer Pieter van der Velde fan reedrydclub De Kluners út Drachten, neidat er tsien dagen earder op it iis fan Thialf fallen wie nei in botsing. Op Thialfiis wurdt no noch net faak in helm brûkt, mar dêr moat no wol oer praten wurde, fynt Wesselius.