Priis foar skoalbern Boyl

29 jan 2009 - 10:47

Learlingen fan basisskoalle De Oosterbrink yn Boyl hawwe woansdei de Barbara Ohmann priis krigen. De bern ha har ferline jier ynset foar handikapte fondelingen yn Sina en ha dêrmei de haadpriis wûn. Dy is 6.000 euro. It jild giet nei it projekt yn Sina. De learlingen krigen de priis woansdei útrikt op de Nationale Onderwijs Tentoonstelling yn Utrecht.

Om jild yn te sammeljen holden de bern aksjes. Sa ha se keunst ferkocht en putsjes dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)