Dealer út Easterwâlde sit fêst

29 jan 2009 - 10:14

Justysje fertinkt in ynwenner (28) fan Easterwâlde fan de hannel yn drugs. De man soe fan 2006 oant it begjin fan dit jier heroïne en kokaïne ferkocht ha yn syn wenplak. Nei oanlieding fan de oanhâlding fan de man hat de justysje ûndersyk dien nei syn hannel.

Dêrby binne sân minsken oanhâlden. Mei-inoar binne 17 minsken heard, yn de leeftyd fan 28 oant 54 jier. Under har sitte ûnder oare de fiif minsken dy't de haadfertochte nei Grins rieden. Dêr kocht er syn drugs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)