TV en PC stellen yn Aldeboarn

29 jan 2009 - 10:05

By in wenning oan de Skoallereed yn Aldeboarn is yn de nacht fan tiisdei op woansdei in tillevyzje, in dvd-spiler en in kompjûter stellen. De bewenners wiene op dat stuit net thús. De dieven kamen der yn troch in rút yn te slaan.

Ek yn Snits ûndersiket de plysje in ynbraak. Dêr waard woansdei oerdeis ynbrutsen yn in wenning oan de Pier Heemstrastrjitte. De dieven namen trije fytsen, ark en wat klean mei. De 26-jierrige bewenner hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)