Soargen oer hege wynmûnen

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Noard-east Fryslân meitsje har soargen oer de komst fan njoggen mega-wynturbines by Muntsjesyl. Dat die woansdei bliken by in drok besochte ynformaasjejûn yn it gemeentehûs yn Kollum.
De stichting Windmolencluster Kollumerland wol turbines fan 120 meter heech delsette yn it gebiet by de Lauwersmar. It publyk yn de seal liet dúdlik merkbite dat de plannen net goed falle, se fine de wynmûnen fierstente heech.