Sânskulptueren yn Terherne

28 jan 2009 - 22:17

Yn it Kameleondoarp yn Terherne binne dizze simmer tolve grutte sânskulptueren te sjen. De direksje fan it rekreaasjedoarp hopet hjirmei de takomst feilich te stellen. De besikersoantallen rinne flink werom en yn oare plakken kamen tûzenen minsken ôf op dizze keunstwurken.

It meitsjen fan de skulptueren kostet 80 tûzen euro. De middenstân moat meibetelje om it projekt mooglik te meitsjen. Yn maaie wurdt begûn mei de bou fan de sânskulptueren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)