Ierde sintraal op Skylge

28 jan 2009 - 20:57

De ierde stiet de hiele moanne april sintraal op Skylge. Yn gearwurking mei it tiidskrift National Geographic wurdt op it eilân omtinken jûn oan de útputting fan de ierdbol.

Op 22 april wurdt oer de hiele wrâld de dei fan de ierde fierd. Op it eilân is ûnder oaren in fytstocht troch de natoer. Ek binne der lêzings oer ierdwaarmte en natoerfernijings. Op de tv-stjoerder National Geographic komme promoasjespotsjes oer de kampanje op Skylge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)