Kuierpade-netwurk fan start

© Omrop Fryslân
Ald-minister Margreeth de Boer sil 5 febrewaris yn Froubuorren it startskot jaan foar in histoarysk kuierpade-netwurk fan 1200 kilometer troch Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân.
It giet om in projekt fan de Lânskipsbehearen fan de trije provinsjes. Kuierders kinne bygelyks rinne oer âlde tsjerke- en lykpaden. It projekt kostet trije miljoen euro en wurdt betelle troch de provinsjes en út it Waadfûns.