Yllegale sigretten ûnderskept

© Omrop Fryslân
De FIOD, de dûane en plysje Fryslân ha woansdei yn Fryske Peallen en yn Roden yn Drinte minsken oanhâlden foar de smokkel fan en hannel yn yllegale sigretten. Dêrby binne fjouwer frachtweinen mei sigretten yn beslach naam.
Op it smokersguod soe in falsk merk set wêze. Meiïnoar giet it om 30 miljoen sigretten mei in merkwearde fan sân miljoen euro. It guod wie bedoeld foar de Nederlânske en Ingelske merk.