Drachtster bedondere syn bank

28 jan 2009 - 17:49

De Drachtster dy't yn Tailân socht wurdt foar oplichting, hat ek syn bank dupearre. Hy hat syn hypteek by de SNS Bank al in skoft net betelle. Achterôf die ek bliken dat hy in folle hegere hypteek ôsletten hie as de wearde fan syn hûs. De bank hat de man dy't it hûs taksearre hat oanjûn en oanjefte dien tsjin de oplichter.

Earder waard bekend dat de man der mei jild fan seis partikulieren fan troch gien is. Al mei al hat de man syn slachtoffers ien miljoen euro ôfpakt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)