Alvestêdekuier is fol

© Omrop Fryslân
De Alvestêdekuier op snein 15 febrewaris troch Littenseradiel en Boarnsterhim is al hielendal fol. Oan de kuiertocht ta gelegenheid fan it 100-jierrich jubileum fan 'e Alvestêdeferiening kinne 250 minsken meidwaan. De ynskriuwing is sletten.
De gemeenten ha de acht kilometer lange tocht oer harren grûngebiet organisearre. De rûte sil ferljochte wurde mei fakkels. Skriuwer Hylke Speerstra en âld-foarsitter Henk Kroes ferliene meiwurking oan it barren.