Grutte oefening op fleanbasis

Op de fleanbasis Ljouwert stiet dizze wike alles yn it ramt fan in grutte oefening. Hûnderten militêren moatte sjen litte dat de fleanbasis klear is om útstjoerd te wurden nei gebieten dêr't it krisis is. De oefening wurdt dien as tarieding op in grut NAVO-eksamen takom jier.
De militêren fan ien detasjemint oefenje mei tsien F16's sitewaasjes sa't dy foarkomme yn in oarlochsgebiet. De F16's fleane sawol oerdei as yn de jûnsoeren.