Lelie Hollander fallyt

© Omrop Fryslân
Reyntegraasjebedriuw Lelie Hollander út Drachten is fallyt. By it bedriuw wurken goed 120 minsken op ferskate plakken yn Fryslân. Lelie levere ûnder oare minsken foar kringloopwinkel Radarwerk yn Bûtenpost. Lelie Hollander begûn yn 2001 mei twa wurknimmers yn Drachten, mar is yntusken útgroeid oant in grut bedriuw mei kantoaren yn Nijmegen en Almere.
Ferline jier waarden de aktiviteiten sels útwreide nei Dútslân. Dêr komt no mei it fallisemint in ein oan.