Etiketteboekje yn Lemsterlân

© Omrop Fryslân
Bern fan de basisskoallen fan Lemsterlân krije allegearre in boekje mei de wichtichste fatsoensregels. Petearen mei de ûnderwiisynspekteur ha dúdlik makke dat in soad bern net mear witte hoe't it heart. It team fan basisskoalle Twa-yn-ien fan Ychtenbrêge docht dêrom in projekt oer etikette. Se prate der oer mei de bern en ha ek de gedrachsregels oanskerpe.
As bern witte hoe't se mei-inoar en mei folwoeksenen omgean moatte, makket har dat frijer en wisser yn 'e omgong.