'Twastriid' miljoeneprojekten

28 jan 2009 - 10:40

De twa grutte besikerssintra dy't yn Harns en op 'e Ofslutdyk komme moatte, bite inoar net. Sizze de partijen sels. Faaks kinne de miljoeneprojekten wol oparbeidzje.

Op 'e Ofslutdyk komt in wittenskiplik duorsumheidsintrum. Harns wol in lytse 20 kilometer fierder graach in Waddenexperiencesintrum. Harns fynt dat sy de bêste lokaasje hat foar it duorsumenssintrum. Mar dat sit der net yn. Dêrom moat der no mar gearwurke wurde, fynt boargemaster Scheffer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)