Mear nije studinten by Stenden

28 jan 2009 - 10:05

Oan de Stenden hegeskoalle begjinne yn febrewaris hast 20% mear studinten as ferline jier. Yn Ljouwert is in soad belangstelling foar de oplieding Media en Entertainment, foar Sosjaal Pedagogyske Helpferliening en foar Ynternasjale business en Management.

Neffens it kolleezje fan bestjoer is Stenden sa populêr omdat de skoalle sterk ferbûn is mei de regio's dêr't se festige binne. Studinten hawwe noch oant 1 febrewaris de tiid om har yn te skriuwen foar in oplieding by Stenden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)