Idaerd: nije auto yn 'e sleat

28 jan 2009 - 09:56

In bestjoerder út Wergea is tiisdeitejûn mei syn nagelnije auto by Idaerd yn de sleat bedarre. De man kaam fan de Hoflânswei doe't hy neffens omstanners útwykte foar oerstekkende einen. Hjirtroch miste hy de bocht en ried rjochtút de sleat yn.

De bestjoerder koe sels út de auto komme en mankearde neat. De auto rekke slim skânsearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)