Drankrider rydt frou oan

28 jan 2009 - 09:33
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat tongersdeitemiddei op de Noarderdwersfeart yn Drachten in bestjoerder (50) oanhâlden dy't in oanriding mei in fytster (30) feroarsake hie. Op de krusing mei de Houtleane waard de frou oanriden en rekke dêrby licht ferwûne. Doe't de plysje der bykaam die bliken dat de bestjoerder dronken hie.

Op it buro waard in blaastest dien en dat levere him in rydferbod fan alve oeren op. De frou koe nei behanneling troch in dokter wer nei hús.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)