SC Cambuur wint yn lêste minút

27 jan 2009 - 22:33

Sportklub_Cambuur hat tiisdeitejûn de ynhelwedstriid tsjin Fortuna Sittard mei 2-1 wûn. De winnende goal foel yn de lêste minút fan de wedstriid.

Yn de earste helte kaam Fortuna Sittard krekt foar it skoft op 0-1 troch in goal fan Ruud Boymans. Yn de twadde helte foel de 1-1 troch in eigen goal. SC Cambuur wie de hiele twadde helte de bettere ploech mar moast oant de lêste minút wachtsje op de 2-1. It wie ferdigener Michael Jansen mei in omhaal dy't 'm makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)