Gjin krisis op kampearbeurs

De gefolgen fan de ekonomyske krisis binne de lêste dagen folslein foarby gien oan de kampearbeurs Caravana yn Ljouwert. Dat is de ûnderfining fan de standhâlders op de beurs.
Mear as 45.000 minsken kamen de lèste dagen nei it WTC Expo. Dat is rom 6000 belangstellenden mear as ferline jier. Undernimmers binne tefreden, want de besikers kochten ek mear as op de beurs fan in jier lyn. Foaral optearweinen en tinten wiene populêr.