Ljipaaisykje mei help sms

Wa´t takom maitiid it fjild yngiet te ljipaaisykjen moat in mobile telefoan meinimme. Eltse fynst moat tenei trochjûn wurde mei in sms-ke. In bedriuw yn Gelderlân hâldt oan de hân dêrfan in database by dy´t ek foar opspoaringsamtners te besjen is. As it provinsjaal fêststeld maksimum fan 7000 aaien berikt is, krije de aaisikers berjocht dat it dien is.
It Bûn fan Fryske Fûgelwachten wol mei de nije regel besykje te foldwaan oan de easken fan de 'Raad van State'.