Frozenland giet wer net troch

27 jan 2009 - 14:40

It Festival Frozenland kin ek dit jier net trochgean. Yn 1998 waard it popfestival foar it earst en foar it lêst organisearre. Yn 2008 woe Friesland Pop it festival nij libben ynblaze, mar se koene doe it jild net byinoar krije.

De plannen waarden in jier útsteld, mar ek dit jier ha se gjin subsydzje krigen en bin der gjin partners fûn om it festival mei op te setten. De organisaasje hopet Frozenland oar jier echt nij libben ynblaze te kinnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)