Sykaksje nei herten fersteurd

27 jan 2009 - 13:16

De plysje op Skylge hat tiisdeitemoarn in man oppakt dy´t de sykaksje nei de herten op it eilân fersteurde. It giet om Geert van Dieren. Hy hat de bisten in skoft lyn sels nei Skylge ta brocht.

De man behindere de fangaksje fan it ministearje fan LNV dy´t fan tiisdei plakfûn. Van Dieren ried mei syn auto by de fangploegen del en toetere. Dêrop hat de plysje him nei it buro brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)