Nangila van Eyck útskeakele

© Omrop Fryslân
SC Hearrenfeanspylster Nangila van Eyck is foar de rest fan it seizoen útskeakele troch in knibbelblessuere. De fuotbalster skuorde twa wike lyn har krúsbân op in training.
Van_Eyck, dy´t dit seizoen oerkaam fan ADO Den_Haach nei Hearrenfean, tinkt net earder wer fuotbalje te kinnen as yn oktober. Dêrtroch mist se ek it Europeesk kampioenskip foar froulju, kommende simmer yn Finlân. Dat is in grutte tebeksetter foar de spylster dy´t krekt werom wie fan in oare blessuere.