Trije oanhâldings yn Lemsterlân

27 jan 2009 - 10:18

Yn de gemeente Lemsterlân binne moandei trije minsken oanhâlden en is troch de plysje foar hast 2300 euro oan boetes ynbard.

By de eksekúsje-aksje brocht de plysje in besite oan 28 huzen. Op al dy adressen wennen minsken dy´t noch in straf útstean hiene. De trije minsken dy´t oanhâlden waarden, hiene byelkoar opteld noch 125 dagen sel iepenstean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)