Oplieding HBO-koart slacht oan

© Omrop Fryslân
Yn Fryslân is in soad belangstelling foar twajierrige HBO-opliedings. Dat seit de NHL nei oanlieding fan in proef mei sa´n koartere HBO-oplieding by twa stúdzjes fan de skoalle.
De studinten fan de koarte oplieding krije gjin HBO-diploma sa´t de studinten fan de 4-jierrige oplieding krije, mar in saneamde ´associate degree´. De oplieding is in tuskenfoarm tusken in MBO- en in HBO-oplieding.