Sjouke Hellinga wrâldkampioen

Sjouke Hellinga wrâldkampioen
Sjouke_Hellinga is moandei wrâldkampioen by de masters op de Weissensee wurden. De 44-jierrige maratonreedrider fan Broeksterwâld fersloech nei 200 kilometer Herman Veneman en Albert_Bakker.
De trije feteranen wiene oerbleaun út in kopgroep fan fyftjin man, dy´t yn de lêste tritich kilometer hieltyd lytser waard. De tiid fan de winner wie seis oeren, seis minuten en 37 sekonden.