Epke giet nei Amearika

26 jan 2009 - 14:39

Turner Epke_Zonderland sil nei Amearika om syn turnkwaliteiten noch mear te ûntwikkeljen. Zonderland sil turnje op de universiteit fan Pennsylvania of op dy fan Oklahoma. Dêr treft er turners dy´t ek op wrâldnivo meidogge. Zonderland ferwachtet dêr in soad leare te kinnen.

Meikoarten makket de Lemster in kar foar ien fan beide universiteiten. Hy sil dan foarearst foar ien jier nei de Feriene Steaten ta.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)