Van Hall op CDA-list Europa
Marianne_van_Hall fan Ljouwert stiet op it 22ste plak fan de CDA-list foar de Europeeske ferkiezings op 4 juny. Van Hall is direkteur fan de Stichting Kinderopvang Leeuwarden. Van Hall komt net yn it Europeesk parlemint.
Net omdat se net op in ferkiesber plak stiet, mar ek omdat se dat net wol. Van Hall fynt har baan te leuk om op te jaan, sa seit se. Van Hall hat earder foar de Earste Keamer op de CDA-list stien. It CDA hat op dit stuit sân sitten yn it Europeesk Parlemint.