Jeroen de Vries hâldt op

26 jan 2009 - 10:56

Jeroen_de_Vries hâldt op mei maratonreedriden. De 37-jierrige Sint Nykster hie noch in kontrakt oant 2010 by de DSB-ploech, mar nei dat seizoen wurdt dat kontrakt ûntbûn.

Op dit stuit is De Vries op de Weissensee yn Eastenryk om mei te dwaan oan de alternative Alvestêdetocht en oan it iepen NK. De oerwinning yn de alternative fan 2005 op ´e Weissensee is ien fan de grutste súksessen fan De Vries. Ek wûn er krapoan tsien maratons op keunstiis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)