Drachtster oplichter socht

26 jan 2009 - 10:40

De plysje is ynternasjonaal op syk nei in man (49) út Drachten. De man wurdt fertocht fan grutskalige fraude. Al mei al soe de eardere finansjeel adviseur foar 1 miljoen euro achteroerdrukt hawwe. Dat jild komt fan ferskate slachtoffers dy't troch him harren hypoteek feroarje lieten.

It jild dat frijkaam soe de man belizze. De fertochte begûn ein 2006 mei syn praktiken en koe de slachtoffers lange tiid foar de gek hâlde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)