De Jouwer ferliest fan WSV

De Jouwer koe snein gjin fûst meitsje tsjin WSV (foto Martin de Jong)
Sneinshaadklasser De Jouwer ferlear snein op it eigen fjild mei 1-0 fan WSV. De ploech út Apeldoorn kaam yn de earste helte op in 1-0 foarsprong.
Yn de twadde helte gong De Jouwer op syk nei de lykmakker en de Jousters krigen ek wol kânsen maar der waard net skoard troch de ploech fan coach Wieb Rodenhuis.