Fjochtsjende Eanjumer sit fêst
In 18-jierrige ynwenner fan Eanjum is sneontenacht oanhâlden foar mishanneling. De jonge soe op de Oranjewâl yn Dokkum in 18-jierrige ynwenner fan Rinsumageast yninoar slein hawwe.
De Eanjumer naaide út wêrop't de ynwenner fan Rinsumageast de plysje warskôge. Dy koe de fertochte gau oanhâlde en yn de sel sette.