Slaanderij by Berltsum

25 jan 2009 - 14:34
Foto: Omrop Fryslân

Trije manlju út Eindhoven binne sneontenacht op de Bitgumerdyk by Berltsum oanhâlden foar mishanneling en it riden ûnder ynfloed.

De mannen hiene earder op it Hemmemaplein yn Berltsum in 20-jierrige Drachtster oanriden. Doe't in freon fan de Drachster der wat fan sei waard hy troch twa fan de Eindhovenaren ynelkoar slein. Oan de hân fan de ferklearrings fan de Drachtster waard dúdlik wa't riden en wa't slein hie.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)