Himpkwekerij Ljouwert oprôle
Yn in wente oan de Magnoliastrjitte yn Ljouwert is yn de nacht fan sneon op snein in himpplantaazje oprôle. De plysje wie tipt oer de kwekerij.
Neist de plantsjes is der 300 gram hasj en 15 gram himp fûn. De plysje hat in 33-jierrige Ljouwerter oanhâlden. De lampen en planten binne ferneatige.