Wer winst SC Hearrenfean

24 jan 2009 - 20:46

Min spylje, mar wol de trije punten thúshâlde. Dat wie it ferhaal fan SC Hearrenfean-Roda JC. Yn it eigen stadion wienen de Feansters mei 2-0 te sterk foar Roda JC. Roy Beerens iepene de skoare yn de 40ste minút. Yn de 54e minút benutte Danijel Pranjic de takende penalty.

De thúsploech spile yn balbesit net goed. Roda koe lang kombinearje, mar waard de earste oere nea gefaarlik. Doe hiene de Feansters de winst al binnen. De ploech bliuwt kreas fjirde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)