V.d. Ziel wint heale maraton

24 jan 2009 - 17:44

Albert van der Ziel fan Berltsum hat de 25e edysje fan de heale maraton fan Tsjom wûn. Hy rûn in tiid fan 1.19,55. Op twa minuten en njoggen sekonden kaam Saco Hemstra út Weidum as twadde oer de streek.

Eelco Hoogeveen fan Dronryp waard tredde. By de froulju wûn Judith van der Meer, ek fan Dronryp, yn 1.14,17. De tsien kilometer waard by de manlju wûn troch Hero Polet fan Snits en Maaike Hornstra út Jellum wûn it by de froulju. Der wiene 300 dielnimmers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)