Robert v.d. Wal judokampioen

Robert van der Wal
Robert van der Wal út Menaam is distriktskampioen judo wurden yn de leeftydsgroep oant 20 jier. Hy wûn yn Kollum yn de kategory oant 81 kg de finale mei in Waza-Ari. Troch dit resultaat giet Van der Wal nei it Nederlânsk kampioenskip.
Der wie mear Frysk sukses yn Kollum, want ek Margriet Bergstra, Carlos de Matos Fernandes, Len Dijkstra, Leon van der Wal, Tjeerd Tjeerdsma en Niels Breider hawwe harren pleatst foar it Nederlânsk Kampioenskip.