Nûmer Borsato yn Frysk

Nei Cohen, Brel, The Beatles en Bob Dylan is no ek muzyk fan Marco Borsato oerset yn it Frysk. It giet om it nûmer 'Dochters'. Dat is dien troch sjonger Sybren de Vries fan Drachten.
Ofrûne wykein hat er syn fideoklip opnaam, mei syn dochter. Yn it Karmelkleaster yn Drachten figurearren heiten en dochters foar de klip, dy't net op dy fan Borsato lykje moat.