Klinker troch rút op De Jouwer

24 jan 2009 - 14:51

By in hûs oan de Prinses Margrietstrjitte op De Jouwer is sneontemoarn betiid in klinker troch de ruten smiten. De bewenner skrok om sân oere wekker en seach dat de klinker troch it rút gien wie.

Bûten stie in konifear yn 'e brân. De plysje hat de omjouwing ôfsocht, mar dit hie gjin resultaat. De bewenner hat oangifte dien by de plysje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)