Man jout plysje in klap

24 jan 2009 - 14:36

In Snitser (24) is yn de nacht nei sneon oanholden yn syn wenplak om't er in plysje in klap jûn hat. De plysje seach de man op de Easterkade rinnen. Hy makke in soad lûd en skopte tsjin rollûken oan. De plysje hold him oan.

Wylst er op in auto wachte om him nei it buro te bringen, joech de man de plysje ynienen in klap yn it gesicht. Doe't dy op de grûn foel, besocht de man him te skoppen, mar de plysje koe him ferdigenje mei in skop. De man rekke dêrby even út de tiid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)