Drankrider oanholden yn Harns

© Omrop Fryslân
In man (35) út Arum is yn de nacht nei sneon oanholden yn Harns. Hy ried mei hege faasje en naam de bochten sa, dat de plysje fermoede dat der drank yn it spul wie. By in kafee waard de man oanholden, mar hy fersette him sa bot, dat er yn de boeien ôffierd wurde moast nei it buro.
Dêr late de útslach fan in blaastest der ta dat er in rydferbod fan sân oeren krige en dat syn rydbewiis ynnommen waard. Boppedat krige er in bon foar te hurd riden en syn ferset.