Mayon Kuipers earste op 500 m.

Thijsje Oenema
By de wrâldbekerwedstriden yn it Russyske Kolomna is Mayon Kuipers fan It Hearrenfean earste wurden op de 500 meter yn de B-groep. Se die dat yn in tiid fan 38.95. Yn de A-groep die Thijsje Oenema fan De Jouwer mei. Sy waard dêr 13e yn in tiid fan 38.81.
De winst op de 500 meter gong neffens ferwachting nei de Dútske Jenny Wolf, dy't 37.51 op de klokken sette. By de manlju kaam Beorn Nijenhuis net fierder as in fjirde plak yn de B-groep mei in tiid fan 35.91.