Basisoefening op fleanbasis

Der wurdt takom wike wer oefene
Der is nije wike in grutte basisoefening op de fleanbasis yn Ljouwert. Ien kear yn de fjouwer jier moat in fleanbasis sjen litte dat it yn koarte tiid ynsetber is foar in NAVO-operaasje yn in krisisgebiet.
Yn 2010 wurdt de fleanbasis hjirop toetst. De oefening fan takom wike is dêr in tarieding op. Der wurdt de hiele wike oerdeis en jûns flein.