Gjin tsjerke ticht yn Drachten

De protestantske tsjerke yn Drachten hoecht foarearst gjin tsjerke(n) te sluten fanwege jildkrapte. Earder waard rekken hâlden mei tekoarten fan in pear ton. Troch tafallende ynkomsten yn 2008 en it werombringen fan it tal dûmny’s en tsjerklik meiwurkers ferwachtet de tsjerkeried yn 2010 de tekoarten fuortwurkje te kinnen. Der is ek neitocht om it tal tsjerken werom te bringen, mar dat is neffens de tsjerkeried net noadich.