De Visscher tekenet by Cambuur

Jeffrey de Visscher fuortdaliks fan Aberdeen nei Cambuur
Jeffrey de Visscher fan Aberdeen komt fuortdalikds nei Cambuur en hat earst in kontrakt tekene foar in heal jier. De bedoeling is dat der dan noch twa jier by komt. De rjochterspits spile earder foar Twente, Heracles en De Graafschap.
De Visscher is in rjochterspits, mar kin ek wol op links spylje. Mei de komst fan De Visscher is de seleksje sa goed as rûn foar de twadde helte fan de kompetysje. Earder kamen Pieter Collen en Tjaronn Chery der by.