Toon Hermanshûs yn Ljouwert

23 jan 2009 - 21:05

It Toon Hermanshûs Fryslân komt yn de âlde direkteurswente fan finzenis de Blokhúspoarte yn Ljouwert. Yn it hûs kinne minsken terjochte dy't troffen binne troch kanker. Ek wurdt der foarljochting jûn oer behannelings en kinne minsken dêr har ferhaal kwyt.

Sûnt 2006 wurdt al socht nei in lokaasje. It gebou by de Blokhúspoarte is tydlik. In stifting sil aanst jild ynsammelje foar in permanint plak. Wannear't it gebou iepene wurdt is noch net krekt bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)