Ghoochannejhad nei Emmen

23 jan 2009 - 19:38

Hearrenfeanspiler Reza Ghoochannejhad wurdt foar de rest fan it seizoen ferhierd oan FC Emmen. De 21-jierrige Ljouwerter waard yn 2007 ek al ferhierd oan Go Ahead Eagles.

Begjin 2007 rûn hy in swiere knibbelblessuere op. Dêrnei kaam hy in jier net oan fuotbaljen ta. Ghoochannejhad foel dit seizoen ien kear yn by it earste fan Hearrenfean en spilet fierder benammen by de beloften.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)