Rolstoelbasketbal mei Terpstra

23 jan 2009 - 15:15

Foarsitter Erica Terpstra fan NOC*NSF sil freed 30 jannewaris it startskot jaan foar in rolstoelbasketbalmaraton yn Beetstersweach. De maraton wurdt hâlden om jild byinoar te krijen foar de Ronald McDonaldhoeve dy´t yn Beetstersweach boud wurdt.

Tagelyk wurdt besocht om in plak yn it Guiness Book of Records te krijen mei it langste rolstoelbasketbaltoernoai ea. It earste fan Cambuur en popband Van Wieren sille ek meidwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)