Wurk bussjauffeurs net sûn

23 jan 2009 - 14:21

De wurkomstannichheden fan bussjauffeurs binne net goed. Dat docht bliken út in enkête fan fakbûn FNV. Neffens it fakbûn binne de omstannichheden min foar de sûnens en feiligens fan de sjauffeurs.

Mei de nije bussen fan ´e lêste jierren is it wurkplak fan ´e sjauffeur der earder minder as better op wurden. Neffens FNV-Bondgenoten is dat min foar de feiligens op ´e dyk en de sûnens fan ´e sjauffeurs. It syktefersom yn ´e beropsgroep is heech.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)